teplak.frl

Oer ús

Te plak is in idee fan Durk Sybesma en Johannes Hospes.

De beide manlju hawwe ûnderfûn hoe ‘t it is om te plak te wêzen mei Frysk sprutsen meditaasjes.

Dy ûnderfining is útgroeid yn de winsk om dat mei eltsenien te dielen. Sadwaande is teplak.frl ûntstien.

Wy hoopje dat teplak in online en fysyk moetingsplak wurde sil foar elkenien dy’t nijsgjirrich is nei spiritualiteit en dat yn de Fryske taal. Om sa yn ferbining mei dysels en elkoar te kommen. Tink hjirby oan azemwurk, muzyk, teksten, blogs, meditaasjes ensfh. Dizze webside bliuwt libjen troch elk fan ús. Hasto ideeën? Lit it ús witte, sa meitsje wy der mei syn allen in prachtich plak fan wêr’t elk teplak komme kin.

Kontakt:  ynfo@teplak.frl 

fy