Selecteer een pagina

teplak.frl

Wolkom!
Hjir is’t, meist wêze, komst
te plak

Fryske spiritualiteit, lykas meditaasjes, affirmaasjes, ensafh.

Yn de taal fan ús hert,
it Frysk!

Meld dy oan foar it lêste nijs!

Wy binne drok dwaande om teplak.frl te ûntwikkeljen en út te wreidzjen! Wolst op’ e hichte bliuwe? Wy stjoere dy in berjocht wannear ‘t der nije meditaasjes beskikber binne! 

 

Rêst, ûntspanning & kreativiteit

Frysk!

Grut ferskaat, hieltyd mear

Besykje it no en ûnderfyn it sels!

… te plak ?

It plak, foar Fryske spirituele saken.

Besykje nó de Fryske meditaasjes fan te plak!

Meastentiids is Nederlânsk en Ingelsk de taal. Neat mis mei. Hjir kinst ûnderfine hoe ‘t it is, om te plak te wêzen. Yn’t Frysk. Hoe liket dy dat ta?

wat hâldt it krekt yn?

Te plak hat alle foardielen dy’t meditearjen hat.

En mear.

 

Hieltyd mear minsken ûnderfine de krêft fan meditearjen.

Hoewol ‘t der fan alles op spiritueel mêd te ûntdekken falt, is it Frysk alhiel ôfwêzich. Wy bringe dêr feroaring yn.

 

Us platfoarm wurdt hieltyd fierder ûntwikkele en útwreide. Alle foardielen dy ‘t meditearjen hat, en mear…

Ûnderfyn hjir hoe ‘t it is, om yn de taal fan dyn hert, te plak te kommen!

Besykje it fergees, ûnderfyn it sels!

Tankberrens

Meditaasje, 5:53 min. Mei muzyk.

Do hoechst net tankber te wêzen om te foldwaan oan dyn eigen ferwachtings. Do meist tankber wêze, ast der foar kiest. Meist dyn hannen útstekke en ta dy komme litte wêr asto op dit momint tankber foar bist. En miskien bist dan nei dizze opname mei muzyk wol tankber datst dit momint foar dysels naam hast 🙂

Hjir bin ik

Affirmaasje, 4:46 min. Mei muzyk.

In opname mei muzyk wêryn asto dysels fertelst dat it goed is datstó der bist. Datsto der wêze meist. Gewoan; om’tst der al bist. En da’tst hielendal goed bist sa’tst op dit momint bist. Doarsto dat tsjin dysels te sizzen?

Dit wolst net

Meditaasje, 5:27 min. Sûnder muzyk.

In opname sûnder muzyk fan fiif minuten oer dat wa’tst net wolst. Oer tinzen, gefoel, ideeën, betingsten dy’tst net hawwe wolst en wêr’tst it leafst by fuort bliuwst; want do wolst dy dochs goed fiele? Hoe is it ast al dy ‘dingen’ yn dizze meditaasje foar hiel efkes wol talitst?

Tafal? Bestiet net. It falt dy ta!

Johannes Hospes

Ik moast it dy ûngemaklik meitsje, oars wiest noait yn beweging kommen.

It universum

It hert en it ferstân binne buorlju; sy groetsje elkoar, sy bringe inoar fatsoenlike besiten, mar freonen wurde se noait.

Durk Sybesma

Meld dy oan foar it lêste nijs!

Wy binne drok dwaande om teplak.frl te ûntwikkeljen en út te wreidzjen! Wolst op’ e hichte bliuwe? Wy stjoere dy in berjocht wannear ‘t der nije meditaasjes beskikber binne! 

 

teplak.frl

Oer ús

Te Plak is in idee fan Durk Sybesma en Johannes Hospes .

De beide manlju hawwe ûnderfûn hoe ‘t it is om te plak te wêzen mei Frysk sprutsen meditaasjes.

Dy ûnderfining is útgroeid yn de winsk om dat mei eltsenien te dielen. Sadwaande is teplak.frl ûntstien.

Kontakt:  ynfo@teplak.frl 

nl_NL