Fryske spiritualiteit,
lykas meditaasjes, affirmaasjes,
ensafh.

 

Yn de taal fan ús hert,
it Frysk!

Besykje it fergees, ûnderfyn it sels!

Meld dy oan foar it lêste nijs!

Wy binne drok dwaande om teplak.frl te ûntwikkeljen en út te wreidzjen! Wolst op’ e hichte bliuwe? Wy stjoere dy in berjocht wannear ‘t der nije meditaasjes beskikber binne! 

teplak.frl

Foardatst begjinst!

Us winsk is dat de mominten dy’tsto belibjen giest mei it lústerjen fan dizze opnamen, dy tichter by dysels bringe. Dy mominten fan frede, freugde en ferstilling jouwe. En dy witte litte datst hielendal perfekt bist sa’tst op dit momint bist. En datst yn al dy mominten dy’tst foar dysels makkest, neat hoechst te dwaan, te wêzen of te wollen. Datst hjir te plak komme meist. Sûnder wat te dwaan. Te plak yn dysels. En dit allegear yn it Frysk, om’t wy der efter kaam binne dat hjirtroch de meditaasjes noch fertrouwder fiele en tichterby komme. Om’t Frysk de taal fan ús hert is. Fiel dy wolkom.

Dizze meditaasjes binne ynsprutsen troch Johannes Hospes.

Tankberrens

Meditaasje, 5:53 min. Mei muzyk.

Do hoechst net tankber te wêzen om te foldwaan oan dyn eigen ferwachtings. Do meist tankber wêze, ast der foar kiest. Meist dyn hannen útstekke en ta dy komme litte wêr asto op dit momint tankber foar bist. En miskien bist dan nei dizze opname mei muzyk wol tankber datst dit momint foar dysels naam hast 🙂

Wa'tsto bist

Affirmaasje, 5:20 min. Mei muzyk.

Do hoechst net tankber te wêzen om te foldwaan oan dyn eigen ferwachtings. Do meist tankber wêze, ast der foar kiest. Meist dyn hannen útstekke en ta dy komme litte wêr asto op dit momint tankber foar bist. En miskien bist dan nei dizze opname mei muzyk wol tankber datst dit momint foar dysels naam hast 🙂

Thúskomme

Meditaasje, 11:10 min. Mei muzyk.

Hoe soe it wêze asto by dysels thús komme meist? Da’tst altyd wolkom bist by dysels. Dat de doar iepen stiet en der altyd ien is dy’t dy opfangt. Der foar dy is. Nei dy lústert. De earms om dy hinne slacht om te fertellen dat it allegear goed komt? Untdek it yn dizze hearlike, ûntspannen meditaasje.

Gjin meditaasje

Gjin meditaasje, 5:27 min. Sûnder muzyk.

Is dit no al of net in meditaasje? En wat is dat eins, meditearje? Hasto dizze opname nedich om op dyn eigen plak fan frede en freugde te kommen? En dat elke dei foar yn elk gefal tsien minuten? Of kin it ek sûnder? Wat is meditaasje foar dy?

Hjir bin ik

Affirmaasje, 4:46 min. Mei muzyk.

In opname mei muzyk wêryn asto dysels fertelst dat it goed is datstó der bist. Datsto der wêze meist. Gewoan; om’tst der al bist. En da’tst hielendal goed bist sa’tst op dit momint bist. Doarsto dat tsjin dysels te sizzen?

Dit wolst net

Meditaasje, 5:27 min. Sûnder muzyk.

In opname sûnder muzyk fan fiif minuten oer dat wa’tst net wolst. Oer tinzen, gefoel, ideeën, betingsten dy’tst net hawwe wolst en wêr’tst it leafst by fuort bliuwst; want do wolst dy dochs goed fiele? Hoe is it ast al dy ‘dingen’ yn dizze meditaasje foar hiel efkes wol talitst?

hjir&no

Berne meditaasjes

Yn 2012 brocht hjir&no in boek-mei-cdútjefte út mei Frysktalige bernemeditaasjes. Op teplak.frl binne de bernemeditaasjes no te belústerjen! Ynkoarten komme ek seis meditaasjes foar folwoeksenen beskikber op teplak.frl

Hjir&no is in inisjatyf fan Liesbeth Hiddema en Elbrecht Claus. Hjir&no bringt Frysktalige produkten út op it mêd fan ynspiraasje en sinjouwing.

Foar it earst kinne bern no ek yn harren memmetaal dwaande mei meditaasje en
berneyoga. De meditaasjes binne ynsprutsen toch de ferneamde aktrise Tamara Schoppert. Yn it boek binne de meditaasjes útskreaun en kinne âlden en dosinten lêze hoe’t se de meditaasjes thús of yn ’e les brûke kinne.

ISBN: 9789081915502

hjir&no

De tiid haldt hjir skoft

Nei it útbringen fan in Frysktalige bernemeditaasje CD troch hjir&no yn 2012, die bliken dat der ek by folwoeksenen ferlet is nei Frysktalige meditaasjes.

Dêrom komt hjir&no mei in 6-tal meditaasjes foar folwoeksenen. De meditaasjes binne û.o. ynsprutsen troch Tamara Schoppert en Gerard van der Veer. Mei û.o. in bysûndere klankreis en in stiltemeditaasje. Der stiet ek in pypskoftmeditaasje op, dy’t bygelyks yn it skoft op it wurk beharke wurde kin. hjir&no hopet dat troch dizze CD it Frysk mear har plak krijt yn meditaasjerûnten yn Fryslân. Alle seis meditaasjes binne no fergees beskikber op teplak.frl

.Yn oerlis mei har folgers en likers, kaam hjir&no ta de titel  ‘De tiid hâldt hjir skoft’. De meditaasjes binne troch fiif ferskate stimmen ynsprutsen. Neist Tamara Schoppert, dy’t ek op de cd foar bern te hearren is, is der noch in bekende Fries dy’t in meditaasjes ynsprutsen hat. Wa’t dat is? Hâld de Facebook- en Twitterside fan hjir&no yn ’e gaten!

De cd release wie op 24 maaie 2013.

ISBN: 9789081915519

Sit meditaasje

Sit meditaasje, 12:42 min.
Sûnder muzyk, ynsprutsen troch Elbrecht Claus.

Sjakra meditaasje

Meditaasje, 15:07 min.
Sûnder muzyk, ynsprutsen troch Fokke Jansen.

Pypskoft meditaasje

Meditaasje foar op dyn wurkplak, 5:57 min.
Sûnder muzyk, ynsprutsen troch Gerard Van Der Veer.

Adem meditaasje

Meditaasje, 9:35 min.
Sûnder muzyk, ynsprutsen troch Elbrecht Claus.

Meditaasje foar it sliepen gean

Meditaasje foar it sliepen gean, 7:36 min.
Sûnder muzyk, ynsprutsen troch Tamara Schoppert.

 

Klankreis

Live opname, meditaasje, 13:46 min.
Mei muzyk, ynsprutsen troch Janke Haga en Annemarijne Hoekstra.

It hert en it ferstân binne buorlju; sy groetsje elkoar, sy bringe inoar fatsoenlike besiten, mar freonen wurde se noait.

Durk Sybesma

Tafal? Bestiet net. It falt dy ta!

Johannes Hospes

Ik moast it dy ûngemaklik meitsje, oars wiest noait yn beweging kommen.

It universum

fy