Stifting LDAS Knuffeldei
Krûpe en minsken in hert ûnder de riem stekkeHoe ûnstie Knuffeldei
Knuffeldei is hielendal gjin korrekt Frysk! Nee, dat kloppet en dochs behâlde wy dizze skriuwwize. It hat nammentlik op de wize in prachtige dûbelde betsjutting.
It idee ûntstie om op ynternasjonale knuffeldei minsken in krûp te jaan foar wa ’t dat wolle soe. Efkes krûpe is in hiel sûn en ferbyn minsken mei-inoar. Hoe weardefol is dat!
Dernei kaam dan ek it idee om wat te betinken mei knuffels mei in ferhaal. Miskien soene bern in ferhaal fertelle kinne of… we kinne sels in knuffel mei in ferhaal realisearje.
Sa ferbine we minsken op meardere manieren.
Wat doche we?
Wy gean jierliks op 21 Jannewaris nei in plak om der de ferbyning op te sykjen mei inoar.
We krûpe, dûnsje, sjonge en ha goeie gesprekken mei inoar. Diels ek om waarm te bliuwen fansels, want it is Jannewaris fansels. Bist no net sa’n dûnser, gjint probleeem fansels, ek al komst efkes del om te sjen of te belibjen wat der sich allegear ôfspielet dan bist fan herte wolkom!
Der binne ek minsken dy knuffeltsjes meitsje dy wy útdiele op it plak. Somtiden ha hja moaie petearen en blykt dat ien wol wat stipe brûke kin. Dan is sa’n knuffeltsje kerkt efkes in hert ûnder de riem. Mar ek in berntsje dy efkes mei komt sjongen of dûnsjen kin fansels ien mei krije!
It is in frije en blije dei, mei moaie minsken en in soart wille!
We krigen sels lekkernijen fan reizgers dy ’t ús inisjatyf sa leuk fûnen.
Kofje, tee, koekjes, sop. Wy binne net te koart kommen dizze dei
En ek noch in prachtige tekening!
Makkest do it mei ús mooglik om wer in knuffeldei te organisearjen
Donaasje
Klik op’e knop hjir ûnder om in donaasje te dwaan.
Meidwaan
Ik wol my graach oanmelde om knuffels te meitsjen