LDAS Knuffeldei
Krûpe en minsken in hert ûnder de riem stekkeIk doch mei!
Haldst do fan nifeljen? En fynst it leuk om foar minsken dy it brûke kinne wat leuks te meitsjen?
Dan bist hjir op it goeie plak!
Yn 2024 wolle wy knuffels meitsje om yn 2025 rûn knuffeldei de knuffeltsjes by minsken lâns te bringen.
We ha dan efkes de tiid om nij de minsken te harkjen en it knuffeltsjes tsjinje as oantinken oan ús besite en we hoopje dat minsken der stipe yn fiele.
Wat gean we meitsjen?
It is leuk as der ferskate knuffeltsjes binne. Hast in idee en tinkst dit is paslik dan bist frij om dyn eigen kreaasje mei te nimmen.
Mar fansels is it ek mooglik om mei ús besteande knuffels te meitsjen of nei te meitsjen.
Ik bin gjin nifeler, mar wol it wol graach lere
Do bist fansels ek fan herte wolkom! Der is materiaal oanwêzich en as it op is dan hâlde we op! En fansels kinst oanslúte by projekten dy we al oan it meitsjen binne en der is fêst ien dy dy helpe wol om it klear te krijen.
It giet ek om de geselligens!
It doel fan LDAS is om te ferbinen. Dat betsjut ek dat ús nifelerij in ûnderdiel is fan ferbining! Dus kom foaral del en sjoch en fiel wat wy doche en wat wy noch mear te dwaan ha!

Do bist fansels ek fan herte wolkom op ús knuffeldei om te krûpen mei elk dy dat graach wol! Dan sjoche wy dy graach 10 maart 2024 en alle jierren op 21 jannewaris om 11:00 oere op it stasjon yn Ljouwert.

Nifel moetingen
Kommende nifels: 10 maart 2024
Ofrûne nifels: 21 jannewaris 2024