Wat een warm onthaal op station Leeuwarden,
Fantastisch!!
anoniem

Knuffeldei 2024 wie fantastysk slagge! Mei ús trijen ha wy fan 11:00 oant 16.00 oere op it stasjon stien yn Ljouwert. Wy hiene 42 knuffeltsjes om út te dielen. Minsken dy ’t by ús in fergees krûpke hellen, koene in krûpke útsykje om mei te nimmen en te jaan oan ien dy ’t in krûpke nedich hat. Se waarden hiel waarm ûntfongen. Soms waard frege oft der betelle wurde moast en kaam der in fernuvere reaksje dat it net hoegde. De meast útinoar rinnende ferhalen kamen om ‘e hoeke.

âlden dy ’t demintearjende wiene, ta ferhalen oer de impact fan kanker oant gewoan in opmerking dat dit in super tof inisjatyf wie of dat it de dei echt leuker makke om ús te sjen. Guon minsken kamen harren ‘ wachttiid ‘ ivm in tuskenstop ús team fersterkje en oaren bleaune wat langer kletsen, mar ek genôch minsken dy ’t gewoan foarby rûnen. En de moaiste mominten fan dy minsken dy ’t foarby rûnen is dat ik dochs in glimke bespeurde ûnder it delrinnen.

We haw field hoe nedich dit soarte inisjativen binne yn ús mienskip. We ha in soart wille hân, laitsje kinnen, mar ek wie der romte foar in trean. We ha dûnse en der kaam in famke fan sa’n trije jier mei ús mei dûnsjen. Wy hiene in muzykje opsetten om wat waarm te bliuwen. Mar de muzyk stuts oan! Wy krigen fan in freondinne in waarm sop en tee en foarbygongers kochten in kopke kofje / tee en in koekje foar ús. Ek sa bot hertferwaarmjend.

De fraach kaam sels oft we der net alle wiken stean koene. No dat giet wat te fier, mar we binne unanym dat der grif in ferfolch komt! No wer sjen oft we nije knuffels krije kinne / kreëarje kinne, want dat wie echt in tafoege wearde oan dizze dei. Minsken wiene der hiel waarm fan en tankber foar.

Wolst bydrage oan it kreëarjen fan knuffels of ek in dei mei ús mear krûpe? Stjoer ús dan efkes in berjochtsje as meld dy oan fia ús webside. 

(Visited 12 times, 1 visits today)